17-03-2024 16:00

Dûmny Jeanette van den Boogaard-Bongers nije dûmny yn de PGT

Om’t der yn de ôfrûne wike gjin beswieren tsjin de beroppingsprosedure ynbrocht binne, is der justermoarn, sneon 17 maart lêstlyn,  in oantal tsjerkerie-leden mei û.o. de beropsbrief nei dûmny Jeannette van den Boogaard-Bongers fan Hallum west. 

Út namme fan de tsjerkerie fan de PGT is der in berop op har útbrocht en dat berop hat se ek fuort-en-dalik oannommen! 

Op de foto de ûndertekening fan it "bericht van aanneming van een beroep" troch ds Jeanette van den Boogaard-Bongers.

Mei syn allen binne wy hjir tige bliid en tankber foar. Yn in frij koarte tiid is der in nije dûmny foar ús gemeente fûn!

De tsjerkeried sil jo de kommende moannen ynformearje oer it momint fan befestiging hjir yn ús tsjerke.


Hjirûnder noch in pear foto's makke tidens de lêste gemeentejûn. Mei tank oan Piet Reitsma

Bron: 'PGT nieuws'